folgje ús
Folgje ús:
Facebook/iependoarp Twitter/iependoarp Instagram/iependoarp
Alle wurkdagen in ôflevering yn dyn mailboks?
< Werom nei it oersjoch

It doarp

De pleatsen en wâldhúskes yn it doarp binne hast allegearre ferboud en faak útwreide om te foldwaan oan easken fan modern wengenot, mar wa foarby de dêrby hearrende details sjocht, ûnderfynt dat de sfear út de lette 19de iuw reedlik bewarre bleaun is. Feanwâldsterwâl mei sa’n trijehûndert ynwenners wie in doarp dat him gjin doarp neame mocht, oant 2011, doe’t inkelde fêsthâldende bewenners der foar soargen dat Feanwâldsterwâl de doarpsstatus krige. Dêrmei is Feanwâldsterwâl offisjeel it jongste doarp fan Nederlân.

De Wetterwâl


In doarp dat yn ‘De vertellingen van Wilt Tjaarda’ (Amsterdam 1982, semy-autobiografyske ferhalen fan Theun de Vries – Wahrheid und Dichtung!- ) weromkomt as ‘De Waterwal’ en as folget beskreaun wurdt: “It âldste diel fan it doarp yntusken wie in bûtenbuert, fier fan tsjerke en skoalle - in opfeart mei rjochte, dearinnende sydsleatten, wêroan’t rjochtskepen komelkerkes en binnenfiskers wennen. Der wie ek in werf dêr’t men skipkes boude en skouwen reparearre. Hast elk hûs lei oan dy feart, efter in smelle gongbarte dy’t in draai hiet (...)”

En: “De Wetterwâlsters wiene sunich yn it groetsjen; se stoarren sels dyjingen dy’t yn it tsjerkedoarp wennen wantrouwich en ûnferweechlik nei as dy harren passearren, en allinnich op sneintejûn weagen se harsels oant de grins fan harren feart, nei de fjouwersprong dêr’t sûnt de 80-er jierren in hynstetram rûn. Se stienen der yn tichte, donkere kloften. De âlderen swijden meastal en seagen fan ûnder de stive klep fan de swartsiden boerepet wei mei wantrouwige en kâlde eagen nei wat foarby gie.”

Lokkige jeugd


Dy sletten, ôfhâldende hâlding beskreaun troch Theun de Vries, sille guon ek no noch ûnderfine. Sjoerd Litjens: “Doe’t wy as Amsterdammers yn de jierren tachtich op Feanwâldsterwâl te wenjen kamen, blieken guon doarpsbewenners fanwegen harren ôfhâldendheid dreech te peilen. Mar dochs, ûnwolkom hawwe wy ús nea field. Sterker, it doarp bliek de lokaasje fan in bysûnder lokkige jeugd, we wienen ‘oars’, mar likegoed ûnderdiel fan in waarme soarchsume mienskip, dêr’t men libbe en libjen liet.”